Poadiumplak foar Merel Bosma by fiifde wedstriid yn KPN Maraton Cup

16 nov 2019 - 21:43

Merel Bosma fan It Hearrenfean is sneontejûn tredde wurden by de fiifde wedstriid om de KPN Maraton Cup. Yn Haarlem moast se Elisa Dul en Imke Vormeer foarlitte op it poadium. By de manlju wie der gjin Frysk sukses.

Foto: Neeke Smit - Timsimaging.nl

Healwei de wedstriid ûntstie der in kopgroep fan 17 froulju. Dy groep moast de lêste rondes om de oerwinning fjochtsje. Elisa Dul ferraste elkenien troch noch foar de sprint fuort te riden en de winst te pakken. Yn de sprint om it twadde plak wie it Imke Vormeer dy't it helle, foar Merel Bosma fan it Hearrenfean. Marijke Groenewoud fan Hallum miste de kopgroep, mar giet noch wol oan de lieding yn it jongereinklassemint.

Harm Visser wint by beloften

By de manlju gie der ferskate kearen in groepke út it peloton wei op aventoer. In ronde foarsprong siet der allinnich net ien, dêr wie de kontrôle fan it peloton te grut foar. Benammen AB Vakwerk woe it wol op in massasprint oankomme litte. Dat barde ek, en dêryn wie Gary Hekman dúdlik de sterkste. Daniel Niero, in Italiaan dy't op It Hearrenfean wennet, waard fjirde.

By de beloften gie de winst by de manlju nei Harm Visser fan De Westereen.

Trefwurden: 
reedriden KPN Maraton Cup
(advertinsje)
(advertinsje)