Avanti mei 1-4 ûnderút

12 nov 2011 - 14:07
ZVV-Avanti Stiens - Foto: Omrop Fryslân

De sealfuotballers fan Avanti hawwe freedtejûn yn de eigen hal mei 4-1 ferlern fan TPP út Rotterdam. Avanti kaam yn de earste helte op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Mo Faraouni. Sawol yn de earste as yn de twadde helte krigen de Stienzers in protte kânsen.

Njoggen minuten foar de ein fan de wedstriid makke TPP de lykmakker. Mei trije counters fan de Rotterdammers kaam de einstân fan 1-4 op it skoareboerd.

Trefwurden: 
Avanti
(advertinsje)
(advertinsje)