UNIS Flyers winne ek fjirde wedstriid yn BeNe League

16 nov 2019 - 21:00

De iishockeyers fan UNIS Flyers ha ek harren fjirde wedstriid yn de BeNe League wûn. Sneontejûn waard der yn België mei 4-3 wûn fan Bulldogs Luik.

Foto: UNIS Flyers

Al nei fiif minuten pakten de Flyers de foarsprong. It wie Adam Bezák dy't de skoare iepene en de 1-0 op it skoareboerd sette. Yn de earste perioade wiene fierder gjin goals te sjen.

De twadde perioade wie in stik produktiver. Earst wie it Paulus dy't foar Luik yn in powerplay de lykmakker skoarde. Fjouwer minuten letter wie it Jasper Nordemann dy't de Flyers wer op foarsprong sette. Noch gjin minút letter wreide Kiilholma de foarsprong út nei 3-1. Luik woe fan gjin opjaan witte en slagge der noch foar it ein fan de twadde perioade yn om de oansluting mei de Flyers te finen troch in goal fan Bremer.

Petersen hellet winst binnen

Troch in goal fan Petersen yn de tredde perioade wie de winst foar de Flyers binnen. Mei noch twa minuten te spyljen wie it Olifant dy't de oanslutingstreffer makke, mar fierder dan 4-3 kaam Luik net mear. It wie foar de Feansters de fjirde wedstriid dit seizoen yn de BeNe League, en de fjirde oerwinning.

(advertinsje)
(advertinsje)