Fruitbeammen de grûn yn yn Peinder Mieden

16 nov 2019 - 20:45

In nije stap yn it noch jonge bestean fan De Peinder Mieden. Sneontemiddei ha de bewenners dêr in flink tal fruitbeammen pleatst.

Foto: Jentsje Steegstra

Yn De Peinder Mieden, in wenwyk dêr't 45 huzen komme, wurdt boud mei in soad oandacht foar de natuer. Sneon is in bosk fan 50 by 60 meter oanlein mei fruitbeammen, mei bygelyks appels en parren.

"It is hartstikke moai ferrûn", seit Jentsje Steegstra dy't oanwêzich wie by it plantsjen fan de fruitbeammen. "It is net allinich it plantsjen fan dizze beammen. De PFAS en stikstofdiskusje kenne wy allegear. Mei lytse stapkes besykje wy der yn De Peinder Mieden wat oan te dwaan."

Jentsje Steegstra wie by it plantsjen fan de fruitbeammen

Ungefear in kwart fan de wenten yn De Peinder Mieden is op dit stuit bewenne. "Mar wy ha sein, wy bouwe ek oan de natuer hjir. En dat klinkt eigenwiis, want dat kin de natuer it bêste sels. Mar mei dizze beammen helpe wy in hantsje."

Steegstra tinkt dat it hurd gean kin, mei de fruitbeammen. "It binne âlde, Fryske rassen dy't frij gau frucht drage kinne. Wy hoopje oer twa jier al de earste fruchten fan de beam ôf te heljen."

(advertinsje)
(advertinsje)