Arends ferliest finale yn lêste toernoai fan dit seizoen

16 nov 2019 - 18:33

Tennisser Sander Arends is der sneontemiddei net yn slagge om foar de sechsde kear dit seizoen in challengertoernoai te winnen. Yn it Italiaanske Ortisei wiene de Kroaat Sancic en de Serviër Cacic mei 6-7 7-6 en 10-7 te sterk foar Arends en syn dûbeldmaat David Pel.

Foto: Orange Pictures

Arends stie yn Ortisei foar de alfde kear yn de finale fan in challengertoernoai. Dat binne toernoaien dy't ien nivo ûnder it heechste ATP-nivo spile wurde. Arends en Pel spilen goed yn de finale en krigen gjin inkeld breakpoint tsjin. Dochs koene se sels ek gjin break pakke. Yn de beslissende supertiebreak wiene Sancic en Cacic krekt wat skerper.

Ortisei wie it lêste toernoai fan dit seizoen foar Arends en Pel. Dat betsjut dat se op de wrâldranglist dy't moandei útkomt omheech gean. Sander Arends sil it jier ôfslute as de nûmer 69 fan de wrâld op de dûbelranglist.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)
(advertinsje)