Harkemase Boys docht goede saken, ONS ferliest

16 nov 2019 - 16:56

Harkemase Boys hat sneontemiddei goede saken dien yn de tredde difyzje fan it sneonsfuotbal. De ploech út De Harkema wûn mei 3-0 fan Jong Almere City. ONS Snits gie thús mei 2-1 ûnderút tsjin ODIN'59.

Foto: Orange Pictures

Yn it earste kertier fan it duel barde der net folle. De earste skrik wie foar Harkemase Boys, doe't keeper Erick Jansema in blessuere oprûn. Nei behanneling koe hy gelokkich fierder. Dêrnei wie it Harkemase Boys dat it duel yn hannen naam. Mei kânsen foar Berwout Beimers en Robert Stelpstra wie de ploech tichteby in foarsprong, mar 0-0 wie de stân by it skoft.

Noch gjin minút yn de twadde helte kamen de Harkiten op foarsprong. Robert Stelpstra helle fan sa'n 16 meter út en seach dat keeper Kort fan Jong Almere der net mear by koe. Yn de 60ste minút krige Henny Bouius in triuw yn de rêge yn it strafskopgebiet fan Almere City, de strafskop waard troch Jesse Renken ta 2-0 promovearre. Dêrmei wie de wedstriid wol dien. De 3-0 fan Henny Bouius wie dan ek noch foar de statistiken.

Troch de oerwinning stiet Harkemase Boys no op it tredde plak yn de tredde difyzje mei 23 punten út 11 duels.

ONS Snits bliuwt hikkesluter

ONS Snits hie yn de earste tsien wedstriden fan dit seizoen noch net wûn. Dêr kaam thús tsjin ODIN'59 gjin feroaring yn. De earste kânskes wiene foar de Snitsers, mar Sam Crowther hie syn fizier net skerp stean. Dêrnei kaam ODIN'59 better yn de wedstriid, mar ek sy krigen de bal der net yn. It lêste kertier fan de earste helte wiene der foar beide teams genôch kânsen om it duel iepen te brekken, mar de keepers stiene hieltyd yn it paad. De stân by it skoft wie dan ek 0-0.

Yn de twadde helte wie de earste kâns foar ODIN'59, mar Sietse Brandsma seach dat keeper Justin van der Dam de bal pakke koe. Dochs kaam de ploech út Heemskerk op foarsprong, doe't Jayson Halman de 1-0 skoare koe. In kertier foar tiid makke Brandsma der 2-0 fan. Dêrmei like de wedstriid klear, mar Nick Burger brocht mei noch 10 minuten te spyljen de spanning werom mei in frije traap fan 35 meter.

ONS besocht út alle macht de lykmakker te finen en wiksele trije kear, mar de lykmakker siet der net mear yn. Troch it ferlies bliuwe de Snitsers de hikkesluter fan de tredde difyzje, mei 3 punten út 11 duels.

(advertinsje)
(advertinsje)