'Wereld zonder jou' fan Trijntje Oosterhuis wurdt 'Wrald sûnder dy'

Sjongeres Trijntje Oosterhuis sil sneontejûn in Fryske ferzy fan har grutte hit 'Wereld zonder jou' op it poadium hearre litte. By har optreden yn Neushoorn sjongt se it nûmer tegearre mei Rens Kroes, de sus fan model Doutzen Kroes.
'Wereld zonder jou' wie in grutte hit fan Trijntje yn gearwurking mei Marco Borsato. Mar om't it lestich is om Marco foar elk optreden meisjonge te litten, hat Oosterhuis dêr wat oars op betocht. "Het is een uit de hand gelopen grap. Meestal zingt het publiek dit nummer mee, maar ik vond het leuk om in elke plek waar ik optreed een collegazanger of zangeres te vragen om het lied mee te zingen."
Sa stie Trijntje earder dizze wike noch mei Edwin Evers op it poadium, mar it sjongen yn it Frysk is in hiele útdaging. "In Limburg werd ik aangemoedigd om in het plaatselijke dialect te zingen. Toen zei Rens (Kroes, red) 'daar gaan we overheen, we doen het nummer ook in het Fries!" En sa is 'Wrâld sûnder dy' ûntstien.

'Het publiek vindt dit zo ontzettend leuk'

Troch itselde nûmer sa faak te sjongen mei oare minsken, krijt it ek foar de sjongeres sels in bysûndere lading. "Iedere stem waarmee ik samenzing is anders. Daarom hebben we het liedje al in verschillende toonsoorten gezongen. En het publiek vindt dit zo ontzettend leuk, die zingen ook mee als het moet."
Soargen oer har Frysk makket Oosterhuis har net. "Het komt sowieso goed. Ik laat me er door Rens doorheen slepen."
Trijntje Oosterhuis oer 'Wrâld sûnder dy'