Mountainbiker rekket swier ferwûne by ûngelok yn Haulerwyk

16 nov 2019 - 15:36

By in ûngelok op de Elleboogsvaart yn Haulerwyk is sneontemiddei in mountainbiker swier ferwûne rekke. Hy kaam yn botsing mei in buske.

Foto: De Vries Media

Der kaam ûnder oare in traumahelikopter op it ûngelok ôf. Nei behanneling yn in ambulânse is de mountainbiker mei spoed oerbrocht nei it sikehûs. De Elleboogsvaart wie tydlik ticht yn ferbân mei de helpferliening.

Trefwurden: 
ûngelok Haulerwyk
(advertinsje)
(advertinsje)