Organisaasjes slaan de hannen ynien foar it 'Bijenpact'

16 nov 2019 - 12:22

Ferskate Fryske organisaasjes hawwe freed in 'Bijenpact' sletten. Mei dizze ôfspraak wolle de partijen de hannen ynien slaan om oplossingen te betinken foar de grutte stjerte ûnder bijen. Dat is hurd nedich, want in ûndersyk fan ein ferline jier lit sjen dat it tal fleanende ynsekten mei sa'n 75 persint ôfnommen is. En dat wylst it belang fan bijen en ynsekten wol grut is foar it bioferskaat, boaiemlibben en ús iten.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

Der dogge in soad partijen mei oan it Bijenpact. "Biologische boeren, gemeenten, burgerinitiatieven: hoe diverser hoe beter," seit Jan Willem van Kruyssen fan de organisaasje. "We hopen met alle initiatieven een groter netwerk uit te bouwen, dat hebben we al na de eerste ronde gezien." Der wiene ferskate Fryske gemeenten dy't meidwaan woene nei't sy seagen dat oare gemeenten dat ek diene.

"Bij zo'n Bijenpact wordt er gekeken naar hoe bijvoorbeeld een bedrijf functioneert en waar we verbeteringen aan kunnen brengen voor de biodiversiteit en de leefomgeving van bijen en insecten. We willen ook laten zien wat er al wel goed wordt gedaan," seit Van Kruyssen. In foarbyld is it bedriuw Omrin, dêr't ekologyske túnen oanlein binne, foarljochting foar besikers is en ynsektehotels makke binne.

Kontrôle

Wichtich is ek dat der hanthavene wurdt. "Er is een stok achter de deur, wij publiceren over wat er behaald is en wat niet. En je wilt natuurlijk niet negatief op de website staan."

Jan Willem van Kruyssen fan de organisaasje

Trefwurden: 
bij bijepakt Bijenpakt
(advertinsje)
(advertinsje)