Omrop TIP: Hantsjemieren, Lapkepoepen en Paprikapoalen

16 nov 2019 - 10:35

In soad Poalen, Bulgaren en Roemenen dy't hjir wurkje as boerehelp of as paprikalûkers, sille harren permanint op it Fryske plattelân fêstigje wolle. Lykas harren Dútske foargongers yn eardere tiden: de 'Hantsjemieren' en de 'Lapkepoepen.' En wat soe dêr mis mei wêze? Programmamakker Albert Jensma makke in Fryslân DOK oer arbeidsmigranten fan doe en no.

Arbeidsmigraasje is fan alle tiden. Yn it Fries Landbouwmuseum yn Ljouwert is op dit stuit de eksposysje Hollandgänger, dêr't it ferhaal fan de Hantsjemieren en Lapkepoepen ferteld wurdt. In soad minsken yn Fryslân binne net 100 persint Fries, alteast, net alle foarâlden kamen út ús provinsje. Dy Friezen binne neikommelingen fan seizoenarbeiders út it easten.

Sûnt minskeheugenis komme al Dútske arbeiders út Westfalen nei Fryske boeren om te meanen. Mei dizze saneamde Hantsjemieren reizgen ek Lapkepoepen mei, hannelers yn Dúts lekkenguod en oar tekstyl.

Hantsjemieren by de boer op it lân (Ids Wiersma, 1924) - Foto: Omrop Fryslân

Albert Brenninkmeijer (95) is in neikommeling fan de oprjochters fan kleanwinkel C&A. Hy wennet yn Teckelenburg en wit in soad te fertellen oer syn famylje, de saak en wat syn pake fertelde oer syn pake, ien fan de mannen dy't yn 1841 yn Snits de earste C&A-winkel begûn.

Albert Brenninkmeijer, neiteam fan de oprjochters fan C&A - Foto: Omrop Fryslân

De Pilatten, feehannelers út de Wâlden, mienden dat sy echte Friezen wiene. Mar sûnt in pear jier binne se der efter kommen dat se eins út Dútslan weikomme. Neiteam fan in boerke, in thúswever út Burgsteinfurt. Oerpake wie dus in arbeidsmigrant dy't op syk gie nei in better libben. In 'tüchtige' oanpakker, dy't him net tefreden stelde mei in útsichtleaze situaasje thús. En dêr werkenne de Pilat-mannen harren sels wol wat yn.

Thúswevers yn Dútslân - Foto: Omrop Fryslân

En no wenje der Poalen, Bulgaren, Roemenen op it Fryske plattelân. De glêstúnbou en grutte grienteferwurkers as Vink Sion en Smeding kinne net sûnder harren. Majiec en Joanna wurkje by de gemeente Waadhoeke yn de plantsoenetsjinst. Oer in pear jier hawwe se genôch jild sparre om werom nei Poalen en in eigen hûs te bouwen.

Famylje Pilat is neiteam fan thúswevers yn Dútslân - Foto: Omrop Fryslân

Yn tsjinstelling ta de Poalen dy't jild fertsjinje om ea wer nei harren bertelân werom te gean, wol de kok Gofr graach yn Fryslân bliuwe. Hy hat grutte ambysjes om syn bedriuw yn sushi-catering út te wreidzjen.

Doede, Joanna en Majiec by de plantsoenetsjinst fan Waadhoeke - Foto: Omrop Fryslân

Programmamakker Albert Jensma

De Fryslân DOK wurdt útstjoerd op NPO 2, sneons om 15.30 oere en sneins om 13.10 oere (mei Nederlânske ûndertiteling). Op sneins te sjen by Omrop Fryslân, fan 17.00 oere ôf (werhelling alle oeren).

Gofr oan it wurk yn syn Gofr Kitchen Sushi Catering - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)