CDA woe yntegriteitsûndersyk ôfwachtsje foar't PvdA út koälysje stapte

16 nov 2019 - 10:31

De koälysje fan de gemeente Súdwest-Fryslân is útinoar fallen. Wethâlders fan CDA, VVD en GrienLinks hawwe it betrouwen yn harren kollega-wethâlder Stella van Gent fan de PvdA opsein. Dat dogge se om't Van Gent mei de direkteur fan Empatec in gebou yn Snits keapet om dêr apparteminten yn te meitsjen.

It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Van Gent hie dat oanjûn by de boargemaster en in yntegriteitsûndersyk oanfrege. Dat hawwe de oare partijen net ôfwachte. CDA-fraksjefoarsitter Douwe Attema hie dat eins wol wollen.

CDA-fraksjefoarsitter Douwe Attema seit eins graach it ûndersyk fan de yntegriteitskommisje ôfwachtsje te wollen. "Want dêr draait it eins om. Dêr moat út blike wat der oan de hân is en dêr wol ik net op foarút rinne. Dan binne de feiten der en gjin spekulaasje. Mar de PvdA hat no sein, wy stappe út de koälysje. It is in bewuste kar om derút te stappen, mar it is wol spitich," seit Attema.

Under druk

Van Gent kaam de ôfrûne wiken ûnder druk. "It is in pear kear bard dat sy kollezjebesluten oars útlein hat as dat wy ôfsprutsen hawwe. Dat is de grutste reden dat it betrouwen opsein is. Nei de kolleezjepetearen moatte je as in ienheid nei bûten keare. Mar sy ferkundige oare dingen yn de parse. Dat mei net te faak barre," jout Attema oan.

"In foarbyld binne de tekoaren by At the Watergate, dat wie mear as 100.000. It kolleezje woe dêrom net fierder partisipearje, mar Van Gent sei: der binne flaters makke troch it kolleezje en ik bin fan miening dat der wol mear jild by moat. In wethâlder mei in eigen miening hawwe, mar as dat te faak foarkomt, moatte je wol neitinken gean. Fjouwer wethâlders hawwe sein: dit is de grins. Dat is snein útsprutsen."

CDA-fraksjefoarsitter Douwe Attema

(advertinsje)
(advertinsje)