Kollum: "Swartkopke"

16 nov 2019 - 09:42

"Litte we it hjoed ris oer de natuer hawwe. De natuer yn stedske omjouwing, om krekt te wêzen. Dêr yn dy urbane gebieten wenje net allinnich in soad minsken, mar in hiele soad fan dy minsken fine dat se in hûn of in kat hawwe moatte. Gewoan om't se in hûn of in kat leuk fine. En: in hûn of in kat is ek gewoan hiel leuk.

Ferdinand de Jong - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Ferdinand de Jong

Wy hawwe eins altyd in hûn en katten hân. Net yn hûs, mar bûtendoar. Want dêr wie romte foar as je op it plattelân wenje. De katten moasten de mûzen en rotten opromje en de hûn moast oanslaan as der ien op it hiem kaam. Der binne ek in soad hûnen en katten dy't deis opsluten sitte yn in flat of appartemint. Dat is frij logysk, want dêr is gjin hiem by. Je kinne de fraach stelle of dat yn it ramt fan it wolwêzen fan it bist in fatsoenlike situaasje is, mar lit ik dêr no mar net oer begjinne.

Elts minsk hat yn myn belibbing rjocht op syn miening en op syn hobby, as dat in Deenske dog op in flat mei ien keamer betsjut is dat dan mar sa. De bisten sille yn it gros fan de gefallen grif ek goed behannele wurde.

En lit dêr no krekt in lyts gefaar om de hoeke komme. Want yn de stêden komme ek fûgels foar. Jim sille it werkenne, op de pleinen strune faaks in soad dowen om, yn de beammen sitte ek oare fûgels. Ien fan de soarten dy't yn de stêden ek frij talryk oanwêzich is, blykt de blokfink te wêzen. Blokfink, blokmies, swartkopke, stiselkopke, der binne in soad Fryske nammen foar dat iene fûgeltsje. De koolmees hjit er yn it ABN. Jimme witte wol, net dy mei it blauwe kopke, mar mei it swarte.

Wy hawwe ek in pear nêstkastjes oan de muorre en dan is de kâns grut dat der blokfinken yn komme. Hartstikke gesellich, maitiids begjinne se al betiid mei it sammeljen fan allegearre guod om it nêst fan te bouwen en as der jongen binne, is it in kommen en gean fan de beide âlders mei in rûpke of wat oars yn de snaffel om de jongen sêd te krijen.

No docht bliken dat in soad jongen fan dy blokfinken dea giet yn dy nêstkastjes. Skande fansels. Tsja, dan komme der dus ûndersiken nei de oarsaak. De usual suspects komme earst oan de oarder. Der sille wol wer urbane boeren mei fergif oan it struien west hawwe. As foarbyld: De bukshage sit fol mei motten, dy't mei pestisiden bestriden wurde. De blokfinken dêr yn de buert slaggen der net yn de jongen grut te krijen. Ien en ien is faak twa, mar spitigernôch dizze kear net. Yn de deade jongen waarden amper de dêrfoar brûkte pestisiden oantroffen.

Wat wie dan de oarsaak? No, al dy leave hûnen en katten yn de stêden blike tegearre mei harren baaskes de oarsaak. Want wat is it gefal? De blokfinken brûke hûne en kattehier om harren nêst te meitsjen. Lekker sêft om de aaien yn út te brieden, jo wenje yn de stêd en wolle it ek wat lúks hawwe, is 't net sa? Mar dy baaskes fan de hûnen en katten spuitsje mei bakken fol rotsoai op dy bisten omdat se lêst fan flieën en tiken ha. Yn de deade jonge blokfinkjes waarden krekt dy middels fûn. Dus de stadjers en harren hûnen en katten binne ferantwurdlik foar de dea fan de lytse blokfinkjes.

Sa blykt mar wer hoe dreech it is om in goede balâns te finen. Smiley!"

(advertinsje)
(advertinsje)