Wa rint mei om it befrijingsfjoer oer Fryslân te fersprieden?

16 nov 2019 - 08:56

Al 24 jier helje rinners út Ljouwert it befrijingsfjoer út Wageningen wei yn de nacht fan 4 op 5 maaie. It fjoer bliuwt dernei yn Ljouwert. Dit jier is it de bedoeling dat it fjoer oer ús hiele provinsje ferspraat wurdt. En dêr wurde dielnimmers foar socht.

Befrijingsdei - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Ut it hiele lân komme rinners nei Wageningen, it plak dêr't de Dútsers yn 1945 de kapitulaasje tekenen. Op 5 maaie wurdt dêrom it lanlike befrijingsfjoer ûntstutsen, dêrnei rinne der hûnderten rinners mei it fjoer werom nei harren wenplakken.

Fryske ploech

De Fryske ploech bestiet út sa'n 35 rinners, fan AV Lionitas, Loopgoep Leeuwarden en losse rinners. Sy binne op 4 maaie by de Deadebetinking yn de Prinsetún yn Ljouwert. Dêrnei geane sy mei buskes nei Wageningen. Yn estafette rinne sy de hiele nacht en moarn om de 195 kilometer ôf te lizzen nei Ljouwert.

Yn de provinsje giet de rûte by alve monuminten del dy't omtinken jouwe oan de Twadde Wrâldoarloch. By elts monumint wurdt in wite roas dellein. Om 13.00 oere wurdt it fjoer yn it sintrum fan Ljouwert oanbean oan boargemaster Buma. Mei it fjoer wurdt it befrijingsfestival iepene.

Eltsenien kin meidwaan

Om't it dit jier 75 jier lyn is dat Nederlân befrijd is, wolle de inisjatyfnimmers graach dat it fjoer fierder ferspraat wurdt oer de provinsje. "Gemeente Harlingen en loopgroepen uit Buitenpost en Mantgum reageerden erg leuk en zegden toe mee te werken. Maar het zou fijn zijn als zoveel mogelijk mensen mee willen doen. Zij kunnen contact opnemen," seit Ingrid van Delden fan de organisaasje.

It meie bygelyks ek skoalbern, kuierders, fytsers, minsken fan in doarpshûs en tsjerken wêze. De Fryske rinners sjogge graach dat it befrijingsfjoer oer hiel Fryslân meinommen wurdt. "Zo lang het maar een beetje cachet heeft, er moet wel een mooi idee achter zitten," seit Van Delden. Minsken kinne harren oanmelde fia bevrijdingsestafetteleeuwarden@gmail.com.

Ingrid van Delden fan de organisaasje yn Ljouwert

(advertinsje)
(advertinsje)