Kolleksje op ynternet gjin prioriteit Fries Museum mear om't jild op is

16 nov 2019 - 10:36

Yn de depots fan it Fries Museum leit in skat oan guod: fan tekene kaarten en doarpsgesichten oant fersierde kostúms en glêzen. Yn 2014 stelde provinsje Fryslân 5 miljoen euro beskikber om de kolleksjes fan ferskate Fryske ynstellingen te digitalisearjen, mar goed fiif jier letter is it projekt ôfsletten, it jild is op en it online beskikber meitsjen fan de Fries Museum-kolleksje giet noch mar muoisum.

Fries Museum - Foto: Fries Museum

It waakst in soad erfgoedleafhawwers al lang yn 'e eagen: de objekten fan it Fries Museum binne dreech op ynternet te finen, min trochsykber en de byldkwaliteit rint útinoar. Wa't op de webside fan it museum siket, komt by in side dêr't noch in soad objekten net te sjen binne: allinne in blanko ôfbylding mei in krúske dertroch en inkelde stekwurden.

Kolleksjes nei de hûskeamers

Provinsje Fryslân hie tusken 2014-2018 it projekt 'RedBot,' it Deltaplan Digitalisering Fries Erfgoed. Sa'n 5 miljoen euro waard jûn oan fiif dielprojekten. Ien dêrfan wie Kolleksje Tichteby, wêrmei't museumkolleksjes digitalisearre wurde moasten. Stipe fan de provinsjale organisaasje Museumfederatie Fryslân wie benammen foar lytserse musea in útkomst. Museumstikken binne út de depots helle, fotografearre en digitaal registrearre. It gearwurkingsprojekt RedBot moast Frysk erfgoed nei de hûskeamers ta bringe.

Jos Taekema wie by it Fries Museum ferantwurdlik foar it Deltaplan. "Van de ongeveer 200.000 objecten van het museum zijn er nu zo'n 80-90.000 op internet te bekijken," jout hy oan. Yn 2015 wie der fan 23 persint fan de kolleksje noch mar in foto, yn 2017 wie dat al 66 persint en nei 2018 sa'n 75 persint. Neffens it jierferslach wiene der ein 2018 yn totaal in lytse 211.000 foarwerpen yn de kolleksje.

Projekt dien, jild op

Mar yntusken is it RedBot-projekt ôfsletten. "Het digitaliseren ging een stuk sneller toen we nog subsidie ontvingen. Maar dat is sinds begin dit jaar op, nu het project is afgelopen." No moat it út eigen bûse betelle wurde. "Het digitaal beschikbaar stellen van de collectie heeft niet de prioriteit, die ligt meer bij bijvoorbeeld de tentoonstellingen," jout Taekema oan. It online meitsjen fan it oerbliuwende part giet dus mar dreech.

It is opmerklik dat der net in soad omtinken mear is foar de online kolleksje. Fan it begjin ôf stie fêst dat de wichtichste en meast representative objekten fan it Fries Museum digitalisearre moasten wurde: de kearnkolleksje. Yn in artikel sei direkteur Kris Callens dat musea jierren lyn noch faak skruten wiene as it gie om it beskikber stellen fan kolleksjes op ynternet. Mar hy sei dat der hjoed-de-dei in grutter besef is dat der troch it dielen fan de kolleksjes mear maatskipik draachflak komt foar kultureel erfgoed.

Noch tsientûzenen foto's wachtsje

Dochs liket it no by it Fries Museum wol op in twadde plak te stean. Wa't no de online kolleksje fan it Fries Museum sjocht, fynt in soad lege fakjes mei in krúske. Neffens Taekema moatte dêr noch bestannen oan taheakke wurde.

It museum jout oan dat it bedriuw dat de kolleksjewebside yn behear hat, der noch net yn slagge is om de digitale foto's oan te foljen. Der steane dus tsientûzenen foto's te wachtsjen yn de database dy't noch net online te sjen binne.

De online kolleksje fan it Fries Museum - Foto: Fries Museum

Oanfoljen giet mar 'druppelsgewijs'

Is is net sa dat it digitalisearjen folslein stil stiet. "De online collectie wordt aangevuld, maar dat gebeurt druppelsgewijs," fertelt Taekema. Taekema seit dat de posysje fan it Fries Museum apart is: "Landelijk gezien zijn we een kleiner museum, met beperkte mogelijkheden. Maar provinciaal gezien zijn we juist een groter museum, waardoor we minder snel klaar zijn met digitalisering dan kleinere Friese musea met een minder grote collectie."

Taekema jout oan dat der net mear as 0,8 fte beskikber is foar registraasje en dokumintaasje fan de grutte kolleksje. Neist alle aktiviteiten dokumintearje en fotografearje sy sa'n 2.000 foto's yn it jier, op eigen krêft.

Hoe sit it mei RedBot?

Yn febrewaris 2019 binne de resultaten presintearre fan RedBot. By it Fries Museum wiene tsientûzenen objekten digitalisearre, sa stiet op de RedBot-webside. Mar, 'nu nog vooral voor intern gebruik' en 'zo snel als technisch en juridisch mogelijk voor iedereen online.' Deputearre Sietske Poepjes wie tefreden, mar foarsitter fan de stjoergroep Bert Looper (Tresoar) wiisde wol op ferfolchstappen: benammen it ferbinen fan materiaal yn ferskate databases soe nedich wêze. Looper hope dat de provinsje ek op langere termyn ynvestearje wol.

Der moast yn 't earstoan in duorsume en 'toekomstgerichte infrastructuur' komme dy't der foar soargje moast dat al it 'gedigitaliseerde erfgoed met elkaar wordt gelinkt en verbonden.' De webside RedBot moast de ferbinende database wêze foar al it digitalisearre Fryske erfgoed, as in digitaal knooppunt. Wa't no lykwols op de webside komt, rekket tangele yn ferâldere siden en links.

Taekema jout oan dat it behear fan de RedBot-side by Tresoar leit. Op termyn soe alles dêr ek goed trochsykber wurde moatte, mar dat leit bûten it museum. De kolleksjes fan de lytsere musea binne te finen op in webside fan Museumfederatie Fryslân, mar dy fan it Fries Museum moat fûn wurde op harren eigen webside. It Fries Museum hat oanjûn de foto's ek op de webside de Museumfederatie toane te wollen, mar it is noch wachtsjen oant de Museumfederatie dêr oan ta is.

Net goed te finen foar publyk

Efter de skermen is der dus in soad bard. Probleem is dat it net sichtber is foar it publyk. Wa't net wit wêr't er sykje moat, komt der net goed út. Der is net dúdlik wat der wol en net digitalisearre is, en hoe't dat yn goede byldkwaliteit fûn wurde kin. Want net alles is no yn in goede resolúsje te finen. En dat wylst der in soad moais te finen is, lykas Topografyske Atlas Fryslân, it Frysk Printekabinet mei tûzenen printen, tekeningen en foto's mei steds- en doarpsgezichten.

Ut de kolleksje: sicht op it doarp Skalsum (troch T.H. Haijtsma) - Foto: Fries Museum

Taekema freget begryp foar de posysje fan it Fries Museum dat minder meiwurkers en budzjet hat as bygelyks it Groninger Museum, mar tagelyk in kolleksje hat dy't folle grutter is. Neffens Taekema bliuwt it museum sykjen nei mooglikheden en benammen budzjet om de ôfbyldingen sichtber en brûkber te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)