Auto bedarret yn in sleat boppe Easterwâlde

16 nov 2019 - 07:16

Boppe Easterwâlde is freedtejûn in auto yn de feart bedarre. Dat barde om healwei tolven hinne op de krusing Weperpolder (N918) mei de N919. In frou rekke ferwûne, sy is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.

Foto: De Vries Media

De frou fleach mei de auto út 'e bocht, ried by in lantearnepeal del en kaam yn de sleat terjochte. De auto is yntusken út de sleat helle.

(advertinsje)
(advertinsje)