Sequens wint Liet 2019

15 nov 2019 - 22:50

Sequens is de winner fan Liet 2019 mei it nûmer Do bist frij. It duo stried freed yn poppoadium Neushoorn mei njoggen oare finalisten om de winst. Sequens sil Fryslân takom jier fertsjintwurdigje op Liet International, in Europeesk festival foar lieten yn minderheidstalen. Dat is takom jier april yn Aabenraa, Denemarken.

De winners spilen harren ferske nochris:

"Je dogge wol mei en je hoopje, mar je rekkenje nergens op", wie de earste reaksje fan de band.

Noch twa prizen

Njonken de haadpriis wiene der noch twa prizen. VOLK wun de tekstpriis, foar it liet 'Rinskje'. De tekstpriis is foar it liet mei de moaiste, meast geeffryske tekst: "Tige tank, ik bin der hiel grutsk op."

De muzikantepriis is in priis dy't bepaald waard op basis fan wat de finalisten sels fan elkoar fûnen. Dêr gie de earste priis ek nei Sequens, foar J.A.N. en Tigers fan Greonterp.

Crossovers

Alle tsien finalisten spilen in nûmer. Dêrnjonken wiene der ek ferskate optredens fan oare artysten dy't gearwurken, saneamde crossovers, bygelyks de band Wiebe mei sjongeres Esther de Jong.

De tsien finalisten fan Liet 2019 wiene:

  • BOOTS & The Jackals - Fjirder as hjir
  • Dirk muzyk Spirit of Rap movement - Gearwurking
  • Fisk & The Stereo Machine - Magneet
  • Folkert-Hans - De taal fan muzyk
  • J.A.N. - Heger
  • Minke & Lucia - Nachts
  • Mused - BUS 51
  • Sequens - Do bist frij
  • Tigers fan Greonterp - Ik fret dy op
  • VOLK!! - Rinskje

Liet wurdt sûnt 1991 alle jierren organisearre. Yn 1999 waard it wûn troch Twarres mei Wêr bisto. It duo is freed, yn de nije formaasje, as spesjale gast nei tweintich jier werom op it Fryske sjongfestival. De edysje fan ferline jier waard wûn troch de groep Stonecrobs.

Twarres spile noch Wêr bisto:

Trefwurden: 
muzyk Neushoorn Liet Sequens
(advertinsje)
(advertinsje)