Meunsterwinst foar UNIS Flyers tsjin Tilburg Trappers

15 nov 2019 - 22:35

De iishockeyers fan de UNIS Flyers hawwe freedtejûn in meunstwinst boekt tsjin de Tilburg Trappers. Yn it iisstadion op It Hearrenfean waard it úteinlik 15-1 yn it foardiel fan de Feansters.

Foto: UNIS Flyers

De ploech fan haadcoach Mike Nason stie al nei de earste perioade mei 5-0 foar, troch goals fan Bezak, Kiilholma, Janssen, Petersen en Nordemann. Nei ôfrin fan it twadde part fan de wedstriid kamen dêr noch seis doelpunten by. Pas inkelde minuten foar de ein kaam de earetreffer fan Tilburg. Doe't de klok op nul stie wie it lykwols 15-1 foar de Flyers.

Sneon nei Luik

Sneontejûn komt UNIS Flyers alwer yn aksje yn de BeNe-League. Dan moat de ploech ôfreizgje nei Luik yn België foar de wedstriid tsjin de Liege Bulldogs.

(advertinsje)
(advertinsje)