Nei skatting 20.000 minsken by twadde edysje ferhalejûn

16 nov 2019 - 20:05

De organisaasje fan de ferhalejûn rûst dat der 20.000 besikers by de twadde edysje west ha. Yn totaal waarden der sa'n 350 ferhalen ferteld yn 76 doarpen en stêden. David Lelieveld fan de organisaasje is bliid: "De lat lag hoog na het succes van vorig jaar. Maar de sfeer en opkomst lijken opnieuw geweldig zijn geweest."

It is de bedoeling dat der takom jier wer in ferhâlejûn komt. De Stichting Pier21 en de Museumfederatie Fryslân wolle dy yn novimber 2020 opnij organisearje, dan mei it tema 'wetter'. Lelieveld: "Of een traditie geboren is? Daar heeft dit evenement wel alle eigenschappen voor, ik hoop het." It tema dit jier wie 'as stiennen prate koene'.

Nijewier wie dit jier it doarp mei de measte ferhalen de ynwenner: fiif ferhalen op 390 minsken. Yn Ljouwert wiene der 35 fertellokaasjes. Ferskate dichters publisearje ynkoarten in wurk dat ynspirearre is op de ferhalejûn.

"Mooi om te zien is dat diverse straten, buurten en dorpen de avond gezamenlijk hebben opgepakt", seit Lelieveld. "Dan was er één sfeervolle vertelplek met meerdere vertellers of juist een soort verhalenroute georganiseerd."

Neffens Lelieveld hat LF2028 al oanjûn de ferhalejûn ek takom jier te stypjen. Hy hopet dat ek de Fryske gemeenten foar in bydrage soargje kinne.

Ferslachjouwer Wendy Kennedy wie by de ferhalejûn yn Ljouwert

De ferhalejûn yn Aldemardum - Foto: Mar en Klif

De ferhalejûn is basearre op de 'Winterjûnenocht'. Dat is in tradysje út de 19e iuw, en waard yn 2018 wer opnij yntrodusearre as ûnoffisjele iepening fan LF2018. Minsken sykje elkoar op yn wenkeamers en musea om ferhalen te fertellen. Yn it earste jier diene hast trijehûndert partikulieren en fyftich musea mei oan it evenemint.

(advertinsje)
(advertinsje)