Shorttracker Dennis Visser net yn seleksje foar Aziatyske wrâldbekers

15 nov 2019 - 22:04

Shorttracker Dennis Visser fan De Lemmer ûntbrekt yn de seleksje foar de kommende twa wrâldbekerwedstriden. Gewoanwei is hy in fêste wearde by de ploege-efterfolging, mar bûnscoach Jeroen Otter fynt him op it stuit net goed genôch. Ek Jasper Brunsmann sit net by de seleksje; hy is blessearre.

Dennis Visser - Foto: www.orange-pictures.nl

It giet om de wrâldbekerwedstriden yn Nagoya (Japan) en Shanghai (Sina), ein novimber en begjin desimber.

Gjin grutte ferrassingen

Fierder binne der gjin grutte ferrassingen yn de seleksjes: de Friezinnen Suzanne Schulting, Rianne de Vries sitte der by, lykas Itzhak de Laat en Daan Breeuwsma by de manlju.

It wrâldbekerseizoen sette begjin dizze moanne útein yn Noard-Amearika. Dêr rieden de shorttrackers yn Salt Lake City en Montréal. It grutste sukses wie foar Schulting yn Salt Lake City: dêr wûn se de 1.000 meter, de ôfstân wêrop't se ek olympysk kampioene is.

(advertinsje)
(advertinsje)