Hast alle jongkatten ûnder fiadukt Marsum rêden

15 nov 2019 - 21:46

Simone Douma-Klement fan Marsum hat nochris fjouwer jongkatten rêden dy't ûnder in fiadukt fan Marsum sieten. Se ûntduts koartlyn it kattenestke en besleat om mei in freondinne de katten te fangen en te rêden. Allinnich de mem is noch net feilich.

Ien fan de jongkatten ûnder it fiadukt - Foto: Kappers Media

De fjouwer katten dy't Douma-Klement freed rêden hat, sitte op it stuit by har thús. Se wol noch wol achter de mem oan. Dy liket hiel jong, skriuwt se op de pagina foar fermiste bisten yn de omjouwing fan Ljouwert. Se wol noch útfine oft de mem fan immen is.

Leafst alle katten by elkoar

Dit wykein hat Douma-Klement in petear by diere-opfang De Wissel yn Ljouwert oer wat der mei de jongkatten gebeure moat. It leafst soe se sels alle katten by elkoar ha, mei de mem derby.

By it rêden fan de katten waard Douma-Klement wolris klaud, oant blieden oan ta, mar: "Hier doe je het voor, hier leef je voor. We hebben 'm, hij is veilig!"

Ferline wike seagen we by Simone Douma-Klement en har freondinne Judith, doe't se katten oan it rêden wiene:

Trefwurden: 
Marsum katten fangaksje
(advertinsje)
(advertinsje)