Kramer twivelet nei wrâldbeker: "Op dizze manier wol ik net rûn ride"

15 nov 2019 - 21:14

Nei syn histoarysk lege klassearring op de 5.000 meter op de wrâldbeker yn Minsk, trettjinde yn 6.28,53, hat Sven Kramer grutte twivels oer de kommende tiid. "As it sa giet as no, leaver net natuerlik", antwurde de 33-jierige Fries op de NOS-fraach oft hy oer in wike noch dielnimme wol oan it twadde wrâldbekerwykein yn Poalen.

"Ik wol der lykwols net foar fuortrinne", doelde hy op syn oanhâldende fysike problemen. "Ik wol der better fan wurde. It is allinnich de fraach of je hjir better fan wurde. Ik wol net op dizze manier rûn ride. Dêr ha ik it no oprjocht dreech mei. Dat past net by my."

Kramer waard op 12 oktober yn Inzell op syn fyts oanriden troch in auto. Dêr hâlde hy in knibbelblessuere oan oer. Begjin dizze moanne like hy by de Nederlânske kwalifikaasje yn Thialf alwer aardich yn foarm te kommen. Fan it entûsjasme dat hy op It Hearrenfean útstriele, is yn Minsk lykwols net folle mear oer. No is syn kwetsbere rêch wer it grutte obstakel, sa seit Kramer.

Net ûnder kontrôle

"Ik wol der gjin jankferhaal fan meitsje, mar leuk is oars. It is de lêste tiid hieltyd faker fallen en opstean, 'pappen en nathouden' by my. Dêr kin ik net oer. Meastentiids hat it mei myn rêch te krijen en no dus ek wer. Ik ha it gewoan net ûnder kontrôle."

Troch syn rêchproblemen, dy't him sûnt de Winterspelen fan 2018 efterfolgje, kin Kramer net optimaal ride. "Ik ryd yneffisjint en kom min de bochten troch. Oft ik dan ien bin dy't de bile derby del goait? Nee, hielendal net. In jier lyn gie ik fanút Japan earder nei hûs en stie ik der noch minder foar. Fiif wiken letter waard ik doe Europeesk kampioen. Oft dat no wer mooglik is? As ik se goed reitsje wol, mar dat doch ik no net. Sa simpel is it. Ik wit no ek efkes net wat ik dêroan dwaan kin."

(advertinsje)
(advertinsje)