Follybalklup Snits moast nei opstappen trainer rap skeakelje

15 nov 2019 - 20:03

Doe't Paul Oosterhof ferline wike moandei ûnferwachte opstapte as coach fan de follybalfroulju fan VC Snits, moast de klup rap skeakelje. Yn Henriëtte ter Steege hat de earedifyzjonist foarearst in ferfanger fûn.

Ter Steege (46) wie al assistint-trainer yn Snits en nimt no de taken fan Oosterhof foarearst oer. Ofrûne sneon makke se har debút as haadcoach yn Ede tsjin TalentTeam Papendal. It waard bekroand mei in dúdlike 3-0 oerwinning, de earste winst fan it seizoen. Sneon hopet Ter Steege mei de froulju dy opstekker in goed ferfolch te jaan yn Ootmarsum tsjin Set Up'65.

Earedifyzje

Yn de earedifyzje spylje tsien ploegen. De boppeste seis teams komme yn de kampioenspûl om de lânstitel. De nûmers 7,8 en 9 spylje yn de degradaasjepûl. De úteinlike nûmer njoggen degradearret. TalentTeam Papendal spilet allinnich yn de reguliere kompetysje en kin net kampioen wurde en ek net degradearje.

Earedifyzje follybalfroulju 2019/2020

Tuskenstân Earedifyzje follybalfroulju
1. Eurosped 6 18
2. Sliedrecht Sport 6 15
3. Apollo 8 6 12
4. Set Up'65 6 11
5. Regio Zwolle Volleybal 6 10
6. FAST 6 7
7. Peelpush 6 7
8. VC Snits 6 5
9. TalentTeam Papendal 6 3
10. Alterno 6 2

Yn de 'Wedstriid fan de wike' stiet alle wiken op Omrop Fryslân radio, telefyzje en online in bysûndere sportwedstriid sintraal. Fan kuorbal oant amateurfuotbal en fan betelle fuotbal oant shorttrack: alles komt foarby. Der wurdt yn de oanrin ekstra omtinken jûn oan de wedstriid, dy't ferkeazen is ta 'Wedstriid fan de wike.' De úteinlike grande finale, de wedstriid sels, is online te folgjen op Omropfryslan.nl en yn de Omrop-app. Somtiden live en oars as gearfetting werom te sjen.

(advertinsje)
(advertinsje)