Fraksjefoarsitter PvdA: "Ferhâldingen bot fersteurd, wy stean achter ús wethâlder"

15 nov 2019 - 19:28

"De persoanlike ferhâldingen binnen it kolleezje fan Súdwest-Fryslân binne sa bot fersteurd dat wy sein hawwe: wy stappe der no út." Dat seit fraksjefoarsitter Johan Feenstra fan de PvdA yn Súdwest-Fryslân. De partij makke freedtemiddei bekend dat dy út it kolleezje stapt, om't de oare koälysjepartijen it fertrouwen yn wethâlder Stella van Gent opsein hawwe.

It gemeentehûs fan Súdwest-Fryslân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Der is al in skoftke krisis yn it gemeentebestjoer fan Súdwest-Fryslân. De trije oare koälysjepartijen, it CDA, VVD en GrienLinks, hawwe gjin fertrouwen mear yn Van Gent.

Yntegriteitsûndersyk

Direkte oanlieding is in yntegriteitsûndersyk, troch de wethâlder sels oanfrege by de boargemaster, nei it foarnimmen fan Van Gent om tegearre mei de direkteur fan sosjale wurkfoarsjenning Empatec in gebou te keapjen yn de binnenstêd fan Snits. Se wolle dêr twa wenningen yn meitsje.

Wy hawwe sein: wy stappe derút.

Fraksjefoarsitter Johan Feenstra (PvdA)

Feenstra fynt it nuver dat de oare partijen al sa betiid it fertrouwen yn Van Gent opsein hawwe. "Op fersyk fan Stella van Gent sels sil dat ûndersyk plak fine. Mar de oare partijen wolle dat net ôfwachtsje. Dan moatte je as partij kieze. De persoanlike ferhâldingen wiene bot fersteurd, dus wy hawwe sein: wy stappe derút."

Fraksjefoarsitter Johan Feenstra (PvdA) yn Weistra op wei

It is net sa dat de oare koälysjepartijen gjin fertrouwen mear hawwe yn de PvdA. Sy hawwe problemen mei Van Gent. Fraksjefoarsitter Feenstra: "Der binne al skoften spanningen en de kâns dat it noch goed kaam wie nihyl. Hoe't it no fierder moat? Dat is net oan ús. Wy stean folslein efter ús wethâlder, dat mei dúdlik wêze."

CDA: sykje nei in oare partij

Sûnder de PvdA hâldt de koälysje 17 fan de 37 sitten yn de ried oer. Fraksjefoarsitter Douwe Attema fan it CDA, de grutste partij yn de koälysje, seit dat se de kommende dagen sjen sille nei in oare partij om wer oan in mearderheid te kommen. "We moatte earst de hektyk mar even troch wêze, mar dêrnei sille wy as CDA it inisjatyf nimme."

(advertinsje)
(advertinsje)