Epke Zonderland mist World Cup yn Cottbus troch operaasje

15 nov 2019 - 18:59

Epke Zonderland komt nije wike net yn aksje by de World Cup yn Cottbus (Dútslân). De turner is dizze wike opnij operearre oan syn foarholleholten. Dat meldt de NOS. Zonderland hie yn it ferline al faker lêst fan ûntstekkingen yn de holten.

Foto: ANP

De wrâldbekerwedstriden binne wichtich foar him, omdat hy him allinne sa noch pleatse kin foar de Olympyske Spelen. Hy moat dan earste wurde yn syn dissipline: de rekstôk. Earder slagge it de turner net him streekrjocht te pleatsen foar de Olympyske Spelen, om't hy foel by it WK.

(advertinsje)
(advertinsje)