Sulver Bergsma op 5.000 meter yn Minsk, Kramer 13e

15 nov 2019 - 18:59

Reedrider Jorrit Bergsma hat de sulveren medalje wûn op de 5.000 meter by de wrâldbekerwedstriid yn Minsk, Wyt-Ruslân. Hy sette in tiid del fan 6.22,29. Dêrmei wie er in lytse seis sekonden dreger as Patrick Roest, dy in nij baanrekôr (6.16,61) delsette. Sven Kramer, dy't syn baanrekôr kwyt rekket, waard trettjinde yn 6.28,53.

Jorrit Bergsma (argyf) - Foto: ANP

Kramer hat 34 wrâldbekerwedstriden wûn op de 5.000 meter, mar koe freed syn ploechgenoat Roest net byhâlde. De 33-jierrige Fries liet de lêste trije rûntsjes 'rinne'. It is foar it earst dat Kramer op in wrâldbekerwedstriid net yn de top-tsien einiget. Hy hat him ôfmeld foar de 1.500 meter op snein.

Yn de B-difyzje waard Douwe de Vries twadde op de 5.000 meter. Hy sette in tiid del fan 6.23,07. Dêrmei promovearret er nei de A-groep by de folgjende wrâldbekerwedstriid, takom wike yn Poalen. De wrâldbekerwedstriid yn Minsk is de earste fan it seizoen.

(advertinsje)
(advertinsje)