PvdA stapt út koälysje Súdwest-Fryslân, om't kollega-wethâlders fertrouwen yn Van Gent opsizze

15 nov 2019 - 17:43

De Partij van de Arbeid stapt út de koälysje yn de gemeente Súdwest-Fryslân. De partij sjocht 'gjin perspektyf' mear yn de koälysje mei CDA, VVD en GrienLinks, nei't dy oare partijen it fertrouwen yn wethâlder Stella van Gent fan de PvdA opseine. De oare trije partijen wolle wol fierder mei de PvdA, mar net mei Van Gent. Dêr giet de PvdA net mei akkoart.

Stella van Gent - Foto: Omrop Fryslân

"De bom barstte toen wethouder Van Gent aankondigde voornemens te zijn om om samen met de directeur van Empatec een pand te kopen", skriuwt de partij. De twa woene twa apparteminten meitsje yn in âld gebou yn de binnenstêd fan Snits. Van Gent frege by de boargemaster om in yntegriteitsûndersyk.

Dêrnei seine de oare wethâlders it fertrouwen yn Van Gent op. Se wolle wol troch mei de Partij van de Arbeid, mar net mear mei Van Gent as wethâlder. Dêrmei giet de PvdA net akkoart: "Stella is de PvdA en de PvdA is Stella". Trochgean mei deselde partijen, mar mei in oare wethâlder, is foar de PvdA-fraksje gjin opsje.

PvdA giet opposysje yn

De PvdA fernuveret him deroer dat de koälysjegenoaten it fertrouwen opsizze. Se geane no de opposysje yn. Fraksjefoarsitter Johan Feenstra hat it oer in grutte teloarstelling, mar sjocht út nei de nije rol yn de opposysje: "We sille striidber, sterk en sosjaal opposysje fiere."

Sûnder de PvdA hâldt de koälysje 17 fan de 37 sitten yn de ried oer. Fraksjefoarsitter Douwe Attema fan it CDA, de grutste partij yn de koälysje, seit dat se de kommende dagen sjen sille nei in oare partij om wer oan in mearderheid te kommen. "We moatte earst de hektyk mar even troch wêze, mar dêrnei sille wy as CDA it inisjatyf nimme."

Johan Feenstra (fraksjefoarsitter PvdA)

(advertinsje)
(advertinsje)