FIDEO: foarútsjoch op yntocht Sinteklaas en demonstraasje yn Ljouwert

15 nov 2019 - 17:30

Sneontemiddei komt Sinteklaas oan yn Ljouwert en aksjegroep Kick Out Zwarte Piet is oanwêzich om te demonstrearjen tsjin Swarte Pyt. Om't it ferline jier út de klauwen rûn tusken foar- en tsjinstanners, binne der dit jier ekstra maatregels nommen. Sa is in part fan it Saailân ôfsletten, by it plak fan de demonstraasje.

Boargemaster Sybrand Buma jout oan: "Demonstreren mag, maar het is ook onze taak om zoveel mogelijk veiligheid te bieden. We willen een mooie intocht en ook ruimte bieden voor demonstraties."

(advertinsje)
(advertinsje)