Djiplader fêst yn de berm op N356 by Holwert

15 nov 2019 - 17:29

It ferkear op de N356 tusken Holwert en Waaksens stiet fêst, omdat in djiplader mei dêrop in bulldozer fêst sit yn de berm. In kraan besiket it allegear wer los te krijen, mar dat slagget op it stuit noch net.

De djiplader yn de berm - Foto: De Vries Media

De plysje en de provinsje Fryslân besykje it ferkear te regeljen. Dêrfoar wurdt de Tjessenswei, in sutelwei parallel oan de N356, brûkt.

It is net bekend hoe't de djiplader fêst is komme te sitten. In djiplader is frachtwein dêr't de laadbak fan djip, leech by de grûn leit.

Trefwurden: 
Holwert N356 Waaksens djiplader
(advertinsje)
(advertinsje)