De Jong en Anema njonken poadium op 3.000 meter

Antoinette de Jong en Reina Anema binne op de 3.000 meter by de wrâldbeker yn Minsk (Wyt-Ruslân) net yn de prizen fallen. De Jong waard 5e yn 4:07.67, Anema 11e yn 4:11.11. De winst gie nei Isabelle Weidemann út Kanada. Har tiid wie 4:05.15.
Antoinette de Jong (argyf) © ANP
De wedstriid yn Minsk is de earste fan it wrâldbekerseizoen. Earder op de dei wûnen de Nederlânske frouljus, mei dêryn de Friezinnen Letitia en Michelle de Jong, de teamsprint.
Letter op freed ride de manlju noch de 5.000 meter.