Trije No Surrender-leden dy't fan heling fertocht wurde bliuwe fêstsitten

15 nov 2019 - 17:04

De trije manlju út Noardwâlde en Vledder dy't tiisdei oppakt binne, bliuwe allegear langer fêstsitten. Dat hat de rjochter-kommissaris besletten. De trije (63, 39 en 26 jier âld) wurde fertocht fan heling, wytwaskjen en lidmaatskip fan in kriminele organisaasje, de ferbeane motorklup No Surrender.

Noardwâlde - Foto: ProNews

By hûssikingen op fiif plakken yn de saak hat de plysje fiif fjoerwapens en soft- en harddrugs yn beslach nommen.

De saak is oan it ljocht kommen troch in melding by Meld Misdaad Anoniem dat yn in loads yn Wynjewâld en Noardwâlde ûnderdielen lizze soene fan stellen auto's. Yn oktober 2018 hat de plysje de loadsen leech helle. It die bliken dat it yndie stellen guod wie út de omjouwing fan Amsterdam en Arnhem. Dêrnei is in resjerzje-ûndersyk opset.

Buskes stelle, strippe en ferkeapje

De trije manlju wurde derfan fertocht yn organisearre ferbân de bussen te helen. Sy lieten nei alle gedachten de bedriuwsbuskes stelle op bestelling om se dêrnei útinoar te heljen en wer te ferhanneljen. It giet yntusken grif om 50 buskes. De skea is sa'n 430.000 euro.

Marjolein Wildeman, teamsjef plysje Súdeast-Fryslân, sei tiisdei dat se net útslút dat der noch mear fertochten oanholden wurde. "Dat hangt ervan af hoe het onderzoek zich ontwikkelt."

(advertinsje)
(advertinsje)