Projekt wol Joadske bern takom jier werombringe nei Fryslân

15 nov 2019 - 17:01

Yn de Twadde Wrâldoarloch wiene hûnderten Joadske bern ûnderbrocht yn Fryslân. Binnen harren Fryske pleechfamylje oerlibben se de oarloch. It projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' besiket dy bern werom te bringen nei Fryslân yn maaie 2020, by it betinken fan 75 jier befrijing.

De Fryske media wurkje dêr oan mei, mei reportaazjes by Omrop Fryslân en ferhalen yn de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad. It Fryske publyk wurdt ek frege mei te helpen by dizze syktocht.

Hjirhinne smokkele

De measte Joadske bern dy't yn Fryslân ûnderdûkt sieten, binne hjirhinne smokkele út Amsterdam. Under lieding fan studint Piet Meerburg, slaggen studinten der yn Joadske bern by har âlden wei te heljen en se mei de boat of de trein yn feilichheid te bringen by pleechfamyljes. Se gongen nei it suden fan it lân of nei Fryslân. Yn it jier 1943, doe't de measte Joaden oppakt wiene, binne der inkelde hûnderten bern nei Fryslân brocht.

Joadske bern - Foto: Omrop Fryslân

Yn Amsterdam hiene de Dútsers de Joaden nei razzia's byinoar brocht yn de Hollandse Schouwburg oan de Plantage Middellaan. Dêrnei soene de Joaden deportearre wurde nei it kamp Westerbork en dêrwei fierder nei de konsintraasjekampen. De bern fan dizze minsken wiene ûnderbrocht yn de kresj oan 'e oare kant fan de dyk, tsjinoer de skouboarch.

De studintes hellen de bern út de kresj en stapten op de tram, op it momint dat der twa trams lânskamen. Sa bleaune se út sicht fan de Dútske bewekkers dy't op wacht stiene by de skouboarch. Mei de fearboat 'Jan Nieveen' gongen de measte Joadske bern, op de earm fan in medisyn-studinte, de Iselmar oer nei De Lemmer. Yn Fryslân soargen tuskenpersoanen (faak fan de tsjerken) foar in pleechfamylje foar it berntsje.

Smokkelrûtes Joadske bern nei Fryslân - Foto: Omrop Fryslân

Inisjatyfnimmer Gerard van der Veer wol de Joadske bern byinoar bringe yn Fryslân, begjin maaie takom jier. Dan is it 75 jier ferlyn dat Nederlân befrijd waard. In protte Joadske bern binne letter ferhuze, soms emigrearre nei Israel. As se noch libje, sille se no tusken de 77 en 90 jier wêze. It sil net maklik wurde om alle bern op te spoaren, want der is gjin list mei nammen. Mar mei help fan de Fryske befolking moat it mooglik wêze om de nammen en de ferhalen boppe wetter te krijen.

Van der Veer: "De Fryske befolking hat in soad bern ûnderdak en feilichheid bean. It is moai dat dy ferhalen ferteld wurde, no't it noch kin. It liket my belangryk foar dy Joadske bern om mei lotgenoaten te praten. Foar guon hat it in traumatyske útwurking hân op de rest fan har libben."

Gerard van der Veer wiist it plak yn de Lemster haven dêr't de fearboat 'Jan Nieveen' oanlei - Foto: Omrop Fryslân

Gerard van der Veer hat yn 2017 trije dokumintêren makke: 'Underdûkt yn Fryslân'. Mei syn 'Stichting De Verhalen' wol hy no besykje de Joadske bern, dy't troch de Amsterdamske studintegroep nei Fryslân brocht binne, op te sykjen. Nei skatting libje der noch 70 fan de 210 bern dy't doe op it Fryske plattelân ûnderdûkt sieten. Van der Veer sil mei help fan de Fryske media en de harkers, sjoggers en lêzers besykje de Joadske bern op te spoaren.

By Omrop Fryslân ferskine de kommende moannen reportaazjes en yn de bylagen fan de Ljouwerter Krante en it Friesch Dagblad wurde de ferhalen beskreaun. Op de webside www.joodsekinderen.nl wurde alle ferhalen byinoar brocht.

Oarlochsjierren op it Fryske plattelân - Foto: Omrop Fryslân

Oare plannen fan 'Stichting De Verhalen' binne in teäterfoarstelling, in dokumintêresearje by FryslânDOK en in foto-eksposysje yn it Fryske lânskip. De muzykteäterfoarstelling Smokkelbern giet op 15 april yn Amsterdam yn premjêre. Dat is de offisjele datum dat Ljouwert befrijd waard.

De tweintich foarstellingen sille opfierd wurde lâns de belangrykste smokkelrûte fan de Joadske bern oer De Iselmar nei De Lemmer, Snits, Abbegea en Ljouwert. Smokkelbern is it ferhaal fan Lea Tropp, dy't as fjouwerjierrich famke troch de bakkersfamylje Kampen yn Abbegea opnommen waard. Fyftich jier nei de oarloch wurdt dúdlik hoe traumatysk de oarloch foar har west hat.

Lea Tropp, har broerke Izak en nichtsje Basja - Foto: Omrop Fryslân

In reportaazje oer de Joadske bern

It projekt 'De terugkeer van de Joodse kinderen' is in gearwurking tusken Stichting de Verhalen, Omrop Fryslân, Leeuwarder Courant en Friesch Dagblad. De kearnredaksje bestiet út Karen Bies, Marja Boonstra, Martijn van Dijk, Wybe Fraanje en Gerard van der Veer.

Gerard van der Veer, Marja Boonstra, Wybe Fraanje, Martijn van Dijk en Karen Bies. - Foto: Omrop Fryslân
(advertinsje)
(advertinsje)