Hieltyd mear medisynresten yn it wetter troch fergrizing

15 nov 2019 - 16:52

Troch de fergrizing bedarje hieltyd mear medisynresten yn it ôffalwetter. Foar de wetterskippen is dat in lestich probleem. Om hjir wat oan te dwaan hawwe 18 noardlike organisaasjes op it mêd fan wetterbehear en sûnenssoarch in konvenant sletten tsjin medisynresten yn it wetter.

It offinsyf tsjin medisynresten yn it wetter is eins in Ljouwerter inisjatyf. By hegeskoalle Van Hall Larenstein en ek by Wetsus wurdt permanint ûndersyk dien nei it oars en better suverjen fan wetter, wêrby't duorsume techniken de foarkar hawwe. Mei besteande techniken kin in medisyn as paracetamol no ek al folslein út it wetter filtere wurde, mar by oare medisinen lykas medisinen tsjin epilepsy is dat folle dreger.

Tanimming mei âlderein

"Mei in âldere befolking nimt it probleem ta," seit wetterskipsbestjoerder Otto van der Galiën, "want dy brûke no ienkear mear medisinen. It is ús ambysje om it probleem net grutter wurde te litten en it is fansels moai dat ynstituten as Van Hall Larenstein en Wetsus ús dêrby helpe kinne."

By it offinsyf tsjin medisynresten wurdt foarearst noch net nei rekreative drugs sjoen. Neffens Otto van der Galiën falt it mei de drugsresten yn it Fryske ôffalwetter noch wol ta.

Utwreiding

De gearwurking dy't der al wie op Fryske skaal is no útwreide nei Grinslân en Drinte mei partijen as de Ryksuniversiteit Grins, de gemeente Grins en wetterskip Hunze en Aa. It publyk kin ek helpe troch âlde medisinen net troch it húske te spielen, mar wer yn te leverjen by de apteek.

Otto van der Galiën fan Wetterskip Fryslân

(advertinsje)
(advertinsje)