Hearrenfeanspiler Van Hau nominearre as Aziatysk fuotbaltalint fan it jier

15 nov 2019 - 16:35

De Fjetnameeske fuotballer Doan Van Hau fan Sportklup Hearrenfean is nominearre foar Aziatysk talint fan it jier. Njonken Van Hau hat it Aziatyske fuotbalbûn de Japanner Hiroki Abe (FC Barcelona) en de Súd-Koreaan Lee Kang-in (Valencia) nominearre.

Doan Van Hau op de bank by SC Hearrenfean - Foto: www.orange-pictures.nl

Eardere winners fan de AFC Youth Player of the Year-award binne de âld-Feyenoorder Sjinji Ono (1998) en de PSV'er Ritsu Doan (2016, doe spile er foar FC Grins). Oft Van Hau de priis wint, wurdt op tongersdei 12 desimber bekend makke op in gala yn Hong Kong.

Sportklup Hearrenfean hiert de 20-jierrige Van Hau fan Hanoi FC. Hy is de earste fuotballer út Fjetnam yn de earedifyzje. Van Hau hat syn offisjele debút foar Hearrenfean noch net makke.

Op it stuit sit Van Hau yn Azië foar WK-kwalifikaasjewedstriden mei Fjetnam. Tongersdei spile er de hiele wedstriid tsjin de Feriene Arabyske Emiraten (1-0) winst). Tiisdei spilet Fjetnam tsjin Tailân.

(advertinsje)
(advertinsje)