"Leechsteande winkels Bûtenpost moatte omboud wurde ta wenromten"

15 nov 2019 - 16:18

Lege winkels moatte omboud wurde ta wenromten. Dat fynt pleatslik belang Bûtenpost. Guon fan de gebouwen yn de Voorstraat en de Kerkstraat wurde al tsien jier net mear brûkt.

Foto: Atze van der Ploeg

Dêrneist is der neffens pleatslik belang ek in grut tal wenningsykjenden yn it doarp en yn de gemeente Achtkarspelen. De feriening trunet der dêrom by de gemeente op oan om in aktive en fleksibele hâlding as it giet om wenjen yn it sintrum fan it doarp. Troch de kombinaasje fan de twa problemen kin neffens pleatslik belang in oplossing fûn wurde.

Trefwurden: 
Bûtenpost winkels leechstân
(advertinsje)
(advertinsje)