Nederlân wint goud op teamsprint mei twa De Jongs

15 nov 2019 - 15:56

Michelle de Jong en Letitia de Jong hawwe tegearre mei Jutta Leerdam de teamsprint wûn by de earste wrâldbekerwedstriid. Op it iis yn it Wyt-Russyske Minsk wiene de trije froulju de rapste yn 1.29,22. Ruslân einige sa'n sân tsienden stadiger as twadde. Tredde waard Japan.

Fan links nei rjochts: Jutta Leerdam, Michelle de Jong, Letitia de Jong - Foto: NOS

Nederlân is regearjend wrâldkampioen op dit ûnderdiel. Yn febrewaris 2019 rieden Letitia de Jong, Jutta Leerdam en Janine Smit nei de wrâldtitel.

Earste wrâldbeker Michelle de Jong

No ried Michelle de Jong yn it plak fan Smit. Foar har is it de earste wrâldbekerwedstriid yn har karriêre en dêrop hellet se dus fuortendaliks in gouden medalje. Sanneke de Neeling, rydster fan it Gewest Fryslân, wie reserve.

(advertinsje)
(advertinsje)