Wolvegeaster (59) fersûpt kat fan eks-freondinne

15 nov 2019 - 15:49

In 59-jierrige Wolvegeaster hat begjin augustus de kat fan syn eks-freondinne fersûpt om't it bist syn dowen dea makke hat. Freed feroardiele de plysjerjochter de man ta in finzenisstraf. De rjochter bepaalde ek dat de Wolvegeaster de kommende trije jier gjin alkohol drinke mei.

Rjochter - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De kat waard yn in koai stoppe en yn in reintonne fersûpt. De Wolvegeaster hat 45 dagen yn foararrest sitten. De rjochter lei 45 dagen sel op, plus 75 dagen ûnder betingst. Hy hoecht dêrom net werom nei de finzenis.

Ek mishanneling

Neffens de Wolvegeaster hat syn freondinne him holpen en hat se sein: "Verzuip hem maar." "Het komt erop neer dat u de kat geëxecuteerd heeft", seit de offisier fan justysje. De man waard ek feroardiele foar de mishanneling fan syn freondinne. Hy hat har slein en mei in mes in sneed yn de foarholle oanbrocht.

Ek hat hy de frou bedrige en de planten yn har tún fernield. Hy mei ek trije jier lang gjin alkohol mear hawwe, de reklassearring giet dat kontrolearjen. Fierder moat hy him behannelje litte en mei hy op gjin inkelde wize kontakt sykje mei syn eks-freondinne.

(advertinsje)
(advertinsje)