HEA! Jan de bûtensitter
"De minsken fine my mar gek, mar binnen komme de muorren op my ôf." Jan van Assen fan Feanwâlden kin it yn 'e hûs mar min úthâlde. De âld-boufakker sit dêrom eins de hiele dei bûten foar syn hûs oan in picknicktafel. Sa hat hy mei in soad minsken dy't foarby komme kontakt. Moarns betiid begjint hy al bûten mei in bakje kofje.