RTV Kanaal 30 út de loft nei ynbraak yn Burgum

15 nov 2019 - 15:31

Nei in ynbraak by RTV Kanaal 30 is de lokale omrop fan Achtkarspelen en Tytsjerksteradiel freed út de loft. De omrop fersoarget útstjoeringen út in silo op de Daam yn Burgum.

Foto: De Vries Media

Ien of meardere ûnbekenden binne dêr nei binnen gien, en hawwe in soad guod fernield. Sûnt freedtemoarn is it radiosinjaal net mear te ûntfangen. Meiwurkers dogge alle war om de boel wer yn oarder te meitsjen. Se doare net te sizzen wannear't RTV Kanaal 30 wer te ûntfangen is.

(advertinsje)
(advertinsje)