Henk de Jong wol 'bonuspunten' Cambuur net fuortsmite

15 nov 2019 - 14:51

Bonuspunten. Sa neamde trainer Henk de Jong fan SC Cambuur de punten dy't syn ploech ferline wike fertsjinne troch de oerwinning op Roda JC. Mar, hy hopet dat it bonuspunten bliuwe en dat betsjut dat de Ljouwerters snein winne moatte fan Almere City. "Dat binne we oan ússels ferplicht."

SC Cambuur hie yn 'e histoarje noch nea earder wûn yn Kerkrade tsjin Roda JC. De Jong: "Ast dy dêr winst, dan moast snein resultaat helje. Dat binne we oan ússels ferplicht. Roda is in ferfelende ploech. Dat binne bonuspunten, dêr winne net safolle. Dan moast dat net fuortgoaie yn thúswedstriden."

En dus hat De Jong hege ferwachtings fan syn ploech foar it thúsduel mei Almere City. Dat wurdt op sneintemiddei spile, om't it in ynterlânwykein is. Dan is der gjin earedifyzje en om't telefyzjestjoerder FOX Sports wol safolle mooglik wedstriden útstjoere wol, binne de earste difyzjeduels ferspraat oer it wykein.

"Net folle twivel"

De kâns is grut dat Cambuur mei deselde alve spilers start as ferline wike tsjin Roda JC. De Jong hat net folle twivel, sa seit er sels. "Ik bin hiel tefreden oer al myn spilers. Ik kin keuzes meitsje." Allinne de rjochtsbûtenposysje soe noch wat feroarje kinne. Ferline wike krige Jarchinio Antonia in kâns yn de basis, wylst Ragnar Oratmangoen dêr de wiken dêrfoar spile.

"Snelheid is wol belangryk yn it fuotbal", seit De Jong. "En dy snelheid hat Antonia mear. Mar Ragnar kin aansen op it middenfjild spylje of op de bûtenkant. Mar miskien is dat snein ek wol."

Dat Antonia ferline wike de foarkar krige boppe Oratmangoen, is opfallend om't er noch net topfit is. Hy kaam yn augustus mei in ankelblessuere nei Ljouwert en is dêr noch altyd net hielendal fan hersteld. "Ik begin aardig fit te worden. Ik maak meer minuten en ik voel dat ik sterker word en dat mijn enkel stabieler wordt. Er zat een scheurtje in, maar als mijn enkel gewoon getaped is kan ik er alles mee."

MRI-scan

Dizze wike hat er in MRI-scan hân om te sjen hoe't it ankel derfoar stiet. Der wie noch wol wat op te sjen, mar de oanfaller wurdt der hast net yn beheind. "Het beperkt me in bepaalde dingetjes. Het buitenom passeren als rechtsbuiten, daar zit nog wel wat belemmering in. Verder kan ik alles gewoon."

It ferskil is wol grut foar Antonia. Oant augustus spile er yn de sinne op Syprus. No stiet er yn Ljouwert yn 'e kjeld. "Het is best wel koud, ik zeg het je eerlijk. Het is wel even wennen na twee jaar te zijn weggeweest."

Mar de sportive prestaasjes fan Cambuur meitsje de oergong maklik. Al alve wedstriden hawwe de Ljouwerters net ferlern. "Het is geweldig. Je komt terug en je speelt meteen in zo'n lekkere ploeg. Het gaat aardiger dan ik had verwacht, eerlijk gezegd."

Foto: Orange Pictures

Antonia is op it stuit yn Ljouwert, mar hy hie ek oan de oare kant fan de wrâld sitte kinnen. Hy is nammentlik ynternasjonal fan Curaçao en dat spile de ôfrûne nacht in wedstriid yn de Nations League. "Ik heb met de bondscoach gesproken en met de club overlegd. Ik had nog een MRI-scan en voelde me nog niet fit genoeg, maar in maart gaan we verder kijken."

Dan is de folgjende ynterlânperioade en dan is de kâns grut dat Cambuur Antonia efkes kwyt is. "Waarschijnlijk ben ik dan honderd procent fit en zit ik er gewoon bij." Mar earst de wedstriid tsjin Almere City fan oankommende snein. Antonia: "Eerst Almere-thuis even pakken."

De wedstriid fan SC Cambuur tsjin Almere City begjint sneintemiddei om 16.45 oere. It is live te folgjen by Omrop Fryslân op 'e radio yn it programma Snein yn Fryslân. Fanút it Cambuur Stadion fersoarget Andor Faber it kommentaar. In wiidweidige gearfetting is moandei werom te sjen yn it Cambuur Sjoernaal.

(advertinsje)
(advertinsje)