Mei 130 of mei 100 km de oere nei it wurk, wat skeelt it?

15 nov 2019 - 14:46

Mei 100 kilometer de oere nei it wurk, of dochs mei 130 kilometer de oere? Wat makket it eins út? Omrop Fryslân-ferslachjouwers Feike Wouda en Jantine Weidenaar diene in test, mei opfallende resultaten.

Ofslútdyk - Foto: Shutterstock.com

De ferleging fan de snelheid op de sneldiken yn Nederlân soarge dizze wike foar in soad diskusje op sosjale media en op strjitte. It is in maatregel dy't it kabinet trochfiere wol om oan de stikstofdoelstellingen te foldwaan.

Op dit stuit binne der in fjouwertal diken yn Fryslân dêr't 130 kilometer de oere riden wurde mei. It giet dan om de A32 fan Ljouwert nei Wolvegea, de A7 fan de Ofslútdyk (as de brêgen net iepen stean) fia Snits en It Hearrenfean nei Grins, de A31 fan Ljouwert nei Harns en de A6 fan De Jouwer nei De Lemmer.

De diken wurde alle dagen troch in soad minsken brûkt om nei it wurk ta te riden. Hoefolle tiid binne sy daalks ekstra kwyt, as de maksimum snelheid omleech giet?

Omtinke

De snelheidsferoaring sil neffens Sipke van der Meulen fan it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid by de automobilisten noch wol wat fuotten yn de ierde hawwe: "It wurdt in hele keunst om minsken wenne te litten om fan 130 werom te gean nei 100. Dat hat te krijen mei de syktocht fan minsken nei in bepaald nivo fan ynspanning by it autoriden." Hy bedoelt hjirmei dat minsken har by grutte, romme sneldiken minder hoege yn te spannen (ynfoege, útfoege, ôfremje, oplûke, ynhelje) as der mei in legere snelheid riden wurdt.

It soe sels wolris gefaarliker wurde kinne. "As men kapasiteit oer hat, dan sille minsken oare saken dwaan gean." It soe bygelyks ferliedliker wurde kinne om krekt eefkes op de telefoan te sjen.

Neffens Van der Meulen leit hjir ek in taak fan de oerheid, om de dyk nijsgjirriger te meitsjen, en derfoar te soargjen dat minsken har net sa gau ferfele.

De test

Produser Feike Wouda wennet njonken It Hearrenfean en rydt alle dagen oer de A32 nei de studio yn Ljouwert. Gewoanwei rydt er altyd tsjin de 130 kilometer de oere oan. "Ik ryd eins 126 kilometer de oere. Ik haw nammentlik in tiidlang besocht út te finen wat in goeie snelheid is, sadat ik de auto sa min mooglik fan de cruise control ôf hoech te heljen."

De rit fan freedtemoarn mei in konstante snelheid fan 130 km/o duorre yn totaal 10:59 minuten.

Mar fan takom jier ôf meie dizze snelheden oerdei net mear, en moat Feike dus rekken hâlde mei in langere reistiid. Om te testen hoefolle it skeelt hat ferslachjouwer Jantine Weidenaar deselde rûte riden, mar dan wol mei presys 100 km/o op de teller.

En wat die bliken?

Op in ôfstân fan in lytse 30 kilometer die de auto fan Jantine der 14:07 minuten oer dien, in dikke trije minuten langer dus as de rit fan Feike. Gemiddeld soene je dus sizze kinne dat je mei de nije snelheidslimyt rûchwei ien minút langer dogge oer 10 kilometer, as doe't der noch 130 riden wurde mocht.

Sipke van der Meulen fan it Regionaal Orgaan Verkeersveiligheid

Ferslachjouwer Jantine wie goed trije minuten langer ûnderweis as producer Feike

Trefwurden: 
stikstof snelheid sneldyk 100km
(advertinsje)
(advertinsje)