MKB Noord fynt 'Dei fan de Undernimmer' nedich yn tiid fan grutte kwestjes

15 nov 2019 - 14:31

Allerhanne politisy binne freed op besite by lytse- en middelgrutte bedriuwen yn it Noarden yn it ramt fan de Dei fan de Undernimmer. De polityk brûkt dizze dei om ûndernimmers te betankjen foar harren bydrage oan de ekonomy en maatskippij. Dat is wichtich neffens Trudie Timmerman, foarsitter fan MKB Noord. Hielendal no't der in soad te dwaan is om de groei fan it bedriuwslibben en kwestjes lykas de stikstof en PFAS.

Timmerman fan MKB Noord: "Ondernemers zijn mensen die voor eigen rekening en risico iedere dag opstaan om te zorgen dat hun onderneming draaiende blijft. Het is ontzettend belangrijk dat deze mensen ook eens te horen krijgen hoe mooi hun beroep is en hoe blij we zijn dat zij hier zijn."

Stroffelstiennen

Mar der binne wol wat stroffelstiennen foar ûndernimmers. "We hebben wet- en regelgeving die niet past bij de markt, waaronder de PFAS. Een MKB'er moet innoveren en exporteren, er wordt veel van gevraagd. Aan de andere kant ook van de werknemers en medewerkers. Men wil ervoor zorgen dat de onderneming groeit, maar er zitten wel belemmeringen op. Het zou mooi zijn als we daar wat aan kunnen doen."

Frustraasje

Frustrearjend is dat bedriuwen net goed groeie kinne. "Ondernemers die momenteel niet kunnen groeien omdat de vergunning niet verleend wordt voor een bedrijfspand, maar die ondertussen al wel machines en mensen aangetrokken hebben. We komen ondernemers tegen wiens werkportefeuille ineens stil staat. Men moet tegen goede medewerkers zeggen: er is geen werk meer. Ook mensen die via het uitzendbureau aan het werk zijn en niet kunnen worden aangenomen. Je ziet wet- en regelgeving die je moet aanleveren voor douanes en overheden, dat kost heel veel tijd om dat bij te houden," leit Timmerman út.

Yn petear bliuwe

Krekt dêrom is it wichtich om mei de polityk yn petear te bliuwen. "Je merkt dat de mensen zelf wel willen, maar iedereen loopt tegen elkaar aan. Dat vindt ik ook wel de taak van de MKB Nederland en VNO-NCW dat dit beter gestroomlijnd wordt. Als we individueel met een politicus spreken, merken we wel dat ze willen. Niemand wil dat mensen op straat komen te staan omdat ondernemingen niet willen groeien. Alleen op de een of andere manier zit er iets in het torentje in Den Haag nog niet goed."

"Angst overheerst in de markt, en dat is een slechte raadgever. Iedereen wil wel voorwaarts," tinkt Timmermans fan MKB Noord. En dêrby is de meiwurker fan it grutste belang. "Medewerkers vormen het kapitaal van de ondernemer, een ondernemer is helemaal niets zonder de mensen die er werken. Hij zal ook willen dat de medewerkers het goed hebben."

De Rouwe: MKB wichtich foar Fryslân

Neffens deputearre Sander de Rouwe is it MKB goed foar santich persint fan de banen yn ús provinsje. Dat is it provinsjebestjoer in soad wurdich. Dêrom wurdt der alles oan dien om it MKB mei subsydzjes te helpen om drompels fuort te nimmen.

Aukje de Vries (VVD) is har ek bewust fan de problematyk en besiket der ek wol it nedige oan te dwaan, mar it is drege materie, sa seit se.

Trudie Timmerman fan MKB Noord

Deputearre Sander de Rouwe

Aukje de Vries fan de VVD

Trudie Timmerman fan MKB Noord - Foto: MKB Noord
(advertinsje)
(advertinsje)