UPDATE: brân by ôffalferwurker Omrin yn Harns ûnder kontrôle

15 nov 2019 - 14:13

By de ôffalovens fan Omrin yn Harns wie in skoft brân, in binnenbrân ûnder ien fan de trachters. "Der is gjin sprake fan in útslaande brân," sei Jelmar Helmhout, wurdfierder fan de Omrin. De brân wie dreech te berikken en dêrom is de brânwacht ynskeakele. Mar yntusken is de brân wer ôfskaald, jout Omrin oan.

Omrin yn Harns - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

De minsken fan Omrin besochten de brân sels út te krijen, mar hawwe de brânwacht ynskeakele foar help. "De brand zit ergens waar we niet goed bij kunnen, vandaar dat een tweede brandweerwagen is opgeroepen", fertelde in wurdfierder fan de brânwacht. Omrin joech sels oan de brân aardich ûnder kontrôle te hawwen.

It ferbaarnen fan ôffal is tydlik ophâlden, de ynstallaasje bliuwt wol gewoan yn bedriuw. "We houden de installatie in bedrijf, alleen is de afvalverbranding tijdelijk stopgezet", seit Helmhout. "We verwachten binnen een aantal uren de verbranding van afval weer in gang te zetten".

De oarsaak fan de brân is noch net bekend. "Waarschijnlijk gaat het om een soort vet, maar we gaan nog precies kijken wat het is geweest", follet Helmhout oan.

Trefwurden: 
Harns Omrin brân
(advertinsje)
(advertinsje)