Freedsmerk oer yntocht: "Wite man mei swarte knechten soene je no net betinke"

"Wy fine it spitich dat de piten hjir allinnich mar swart binne. In lytse oanpassing soe in soad gedoch skele." Dat sei in heit mei twa jonge bern op de Ljouwerter freedsmerk oer de yntocht fan Sinteklaas en syn piten, dy't sneon wer op it programma stiet.
© Omrop Fryslân, René Koster
Mar de measten sjogge de piten dochs it leafst 'gewoan' swart. "Wêrom? No, omdat dat altyd sa west hat! Sa âld as ik bin, hat it noait oars west." In oar seach it probleem net sa: "De bern binne der totaal net mei dwaande, it makket har echt neat út wat de kleur is."

Kick Out Pipo

De tasseferkeaper fertelde mei in nije aksjegroep te kommen: de K.O.P, Kick Out Pipo. "Als kind had ik vuurrood haar en was ik zo wit, dat ik licht gaf. Die Pipo de Clown was daarom een karikatuur van mij!" In oare heit mei jonge bern fûn de saneamde 'Roetveegpiet' in prima oplossing: "Als je nu een kinderfeest zou bedenken, zou je echt niet een witte man verzinnen met een onhandig zwart hulpje."
Oer de protesten sei immen noch te hoopjen dat dy net út de hân rinne. "Die mensen die protesteren doen dat hier altijd keurig, het zijn de oproerkraaiers die proberen daar heisa te maken!"
Ferslachjouwer René Koster op de freedsmerk yn Ljouwert