Rêdingsboaten farre út foar sylboat op Noardsee

15 nov 2019 - 13:26

Rêdingsboaten fan It Amelân en Lauwerseach ha freed in syljacht op de Noardsee holpen. Krekt boppe Skiermûntseach kaam der wetter oer it jacht fan alve meter lingte hinne. De opfarrenden board skrokken dêr bot fan en warskôgen de kustwacht.

Foto: Veltman Marine Service

De rêdingsboaten Anna Margaretha fan Ballumerbocht, de Maria Hofker fan Nes Amelân en de Annie Jacoba Visser fan Lauwerseach-Bûten binne nei de boat mei de twa opfarrenden hinne gien om assistinsje te ferlienen.

De Anna Margaretha hat de minsken fan board helle en nei Lauwerseach brocht. Se binne net ferwûne rekke. In boat fan Veltman Marine Service op It Amelân sleept it syljacht nei de haven.

(advertinsje)
(advertinsje)