Undersikers fine seldsume 'melanistyske mûs' by De Feanhoop

15 nov 2019 - 12:32

Mûze-ûndersikers hawwe in seldsume mûs ûntdutsen by De Feanhoop. By in monitoringsprogramma foar wetterspitsmûzen by it Polderhoofdkanaal troffen de mûze-ûndersikers fan John Melis Ecologie in melanistyske mûs oan. Melis: "Dat is een hele zwarte veldmuis, het omgekeerde van albino. Normaal is een veldmuis bruin, maar deze is van top tot teen zwart. Dat zijn leuke dingen die je waarschijnlijk nooit meer meemaakt, het is spectaculair voor een onderzoeker."

Eltse trije jier wurdt der ûndersyk dien. Ekolooch John Melis: "Het Polderhoofdkanaal is een aantal jaren geleden opengesteld voor de pleziervaart en bij de ontheffing die daarvoor verkregen is, stonden verplichtingen om om de zoveel jaar te kijken of bepaalde soorten achteruitgaan."

Der binne in soad mûzen fûn. "In totaal hebben we bij deze actie ruim 500 muizen gevangen. Tien soorten: een aantal spitsmuizen, waaronder de bospitsmuis, huisspitsmuis, dwergspitsmuis en huismuis. Alle soorten die we hier hebben." Der wie dus ien tige bysûndere by.

Swart pigmint

By melanisme is in grut part fan it lichem swart. It is in genetyske ôfwiking wêrby't der útsûnderlik folle swart pigmint oanmakke is. By Nederlânske mûzen wurdt mar sporadysk melding makke fan swarte of melanistyske mûzen.

Yn 2016 waard op hast itselde plak ek in melanistyske mûs fûn. "We hebben drie jaar eerder ook een melanistische muis gevangen, precies op dezelfde plek. Ze zeggen 'de bliksem slaat nooit tweemaal in op dezelfde plek,' maar hier dus wel. Dat was destijds een dwergmuis." Mar nea earder waard in melanistyske fjildmûs fûn.

Gruttere kâns fan oerlibjen

Nei alle gedachten kuieret de melanistyske mûs noch hieltyd om by it Polderhoofdkanaal. "Wij moeten alles weer levend terugzetten, dus hij zal nog wel ergens rondlopen als hij niet opgegeten is door een buizerd. Hij is zwart, en dat heeft het voordeel dat hij minder goed zichtbaar is. Dus je zou denken dat hij er langer mee overleeft," tinkt Melis.

Ekolooch John Melis oer de bysûndere fynst by it Polderhoofdkanaal

Foto: JM Ecologie
(advertinsje)
(advertinsje)