FIDEO: De finale fan sjongfestival Liet by Omrop Fryslân

Yn poppoadium Neushoorn yn Ljouwert stride freedtejûn tsien finalisten om de winst fan it sjongfestival Liet. Acht finalisten binne útsocht troch in seleksjesjuery en twa binne online keazen troch it Fryske publyk.
De winner fan Liet 2019 sil yn 2020 Fryslân fertsjintwurdigje op Liet International. Dit Europeeske festival foar lieten yn minderheidstalen fynt yn april plak yn it Deenske plak Aabenraa.
Liet wurdt sûnt 1991 alle jierren organisearre. Yn 1999 waard it wûn troch Twarres mei Wêr bisto. It duo is freed, yn de nije formaasje, as spesjale gast nei tweintich jier werom op it Fryske sjongfestival. De edysje fan ferline jier waard wûn troch de groep Stonecrobs.
Twarres mei Mirjam Timmer en Kristian Dijkstra © Liet
De tsien finalisten fan Liet 2019 binne: