Stikstofpetear by provinsje 'konstruktyf', mar: "Wy binne der noch net"

Provinsje Fryslân siet tongersdei om tafel mei fertsjinwurdigers fan de lânbou, natuer, bou en ferfier om te praten oer de stikstofproblematyk. Neffens deputearre Johannes Kramer wiene de petearen 'goed en konstruktyf.' Mar hy seit ek: "It is in sân gongen-diner mei ferskate stappen. Dit is in earste stap, mar wy binne der noch net."
© Omrop Fryslân, Onno Falkena
Kramer hâldt der rekken mei dat it net slagget om it foar inoar te krijen dat eltsenien it mei-inoar iens it. "Je wolle safolle as mooglik yn de rjochting komme dat eltsenien mei-inoar troch ien doar kin. Mar der binne tsjinoerstelde belangen. Natuer stiet der oars yn as lânbou, en de bou sjocht der oars nei as it ferkear. De bou seit: wy snappe dat boeren net útwreidzje kinne en dat is tige ferfelend, mar boubedriuwen falle om as der gjin boufergunningen ôfjûn wurde. Eltsenien belibbet de problematyk oars."

Tsjinoerstelde belangen

It makket it petear wol dreech. "De ien leit de klam op it mjitten, de oar freget him ôf hoe't it juridysk sit. Wat is de posysje fan de provinsje? Hoe slim is it no eins mei dy natuer? Der binne fragen beantwurde, mar oaren ek wer net. Dêrom prate wy takom wike fierder."

Der moat nij belied komme

Hoe't it ek komt, der moat wat barre. "Wy moatte wer nije beliedsregels nimme. Dy hawwe wy ynlutsen op 11 oktober, mar dêr moatte wol nijen foar yn it plak komme. Dêrnjonken nimt it Ryk ek allerhanne maatregels en de kommisje Remkes moat noch gear oer ferskate dingen. Dy beliedregels moatte wy dus earst fêststelle. Dat kin foar in part fan it probleem in oplossing wêze. It gruttere probleem sil noch wol in jier as wat duorje."
Der is wol 'positieve denkkracht,' seit Kramer. "Wy wolle ek harkje nei minsken los fan de organisaasjes, dy't ideeën by ús ynbringe. Dy wolle wy benei komme en serieus nimme."
Deputearre Johannes Kramer leit út dat in oplossing noch net klear leit