UPDATE: Stroomsteuring Ljouwert, Boksum, Deinum en Marsum ferholpen

15 nov 2019 - 11:51

Der hat in stroomsteuring yn Ljouwert, Boksum, Deinum en Marsum west. Troch de steuring sieten 459 hûshaldens sûnder stroom.

Stopkontakt - Foto: Shutterstock.com

De oarsaak fan de stroomsteuring is net bekend, meldt Liander. Freedtemoarn om healwei tsienen waard de steuring ûntdutsen. Om healwei tolven hinne wie it probleem ferholpen.

(advertinsje)
(advertinsje)