Sinteklaas yn Ljouwert

12 nov 2011 - 12:48

Hy komt... hy komt... dy leave goeie Sint. Yn hiel de provinsje waard sneon Sinteklaas wer ynhelle. Op de measte plakken barde dat om in oere of twa, mar yn de haadstêd Ljouwert kaam er eefkes earder. Miskien hie dat wol te krijen mei de lange tocht troch de stêd. Hy moast fansels wol hielendal nei de Skrâns ta.

Sinteklaas is sa populêr dat der yn Ljouwert sels spul oer wie. Foar it earst yn jierren soe de yntocht fan de Sint net oer de Skrâns gean. Dat soe net feilich wêze. Mar de ûndernimmers yn dy strjitte woene dat de goedhillichman ek by har komme soe. Uteinlik is der in kompromis sletten.

Trefwurden: 
Sinteklaas
(advertinsje)