Fries makket ierdbeving yn Yndonezië mei: "Je ligt te schudden in je bed"

Grutte skrik foar de Fries Alfred Lehmann dy't op dit stuit yn Yndonezië is. Dêr hat yn de nacht fan tongersdei op freed in swiere ierdbeving west mei in krêft fan 7.1 op de skaal fan Richter. It episintrum fan de beving wie middenyn de Molukske See.
© Google Maps
Lehmann, dy't in reklameburo yn Burgum hat, is foar in projekt yn de kuststêd Manado. Dy stêd leit yn it noarden fan it eilân Noard-Sulawesi, ûngefear 180 kilometer fan it episintrum fan de ierdbeving ôf. It hotel dêr't Lehmann ferbliuwt, waard ûntromme fanwege de skokken.
"Het was wel even schrikken natuurlijk, want er zijn in totaal iets van achttien aardschokken geweest in een korte periode achter elkaar", fertelt Lehmann. "Het heftigste was vannacht rond een uur of één, met een kracht van 7.1. Toen is het hele hotel geëvacueerd, het hele gebouw stond te trillen."
Hy slepte op de tsiende etaazje fan it hotel. "Het is net alsof je in de zee staat en het zand onder je voeten wegspoelt. Alles staat gewoon te trillen, de muren trillen, het hele gebouw trilt en je ligt te schudden in je bed. Een heel raar gevoel."

Projekt rint gjin gefaar

De skea falt ta, seit Lehmann, en de lokale befolking wie der net bot fan ûnder de yndruk. "Je merkt dat de bevolking het wel vaker meegemaakt heeft. Ze zijn er wel wat koel en luchtig onder. Andere mensen natuurlijk niet, want het is echt gigantisch schrikken."
Yndonezië joech nei de ierdbeving in tsunami-warskôging ôf, mar luts dy nei in pear oeren wer yn. Wol krigen minsken it advys om net by de kustline te kommen. It projekt dêr't Lehmann oan meiwurket, rint neffens him fierder gjin gefaar. It giet om in tehûs foar mearfâldich beheinde bern, op ûngefear in oere riden fan Manado en it leit net direkt oan de kust.
Alfred Lehmann hat de ierdbeving yn Yndonezië meimakke